Flylân wol opheldering

20 feb 2008 - 12:51

Flylân freget opheldering by it ministearje oer de proeven mei gifgas dy't begjin jierren fyftich op de Flyhors hâlden binne. Dat seit boargemaster Galema. Se is skrokken dat dit nijs pas bekend waard nei't de definsje-argiven iepensteld wiene.

In sjoernalist fan HP/De Tijd fûn sa út dat yn it geheim proeven mei gifgas dien binne. Galema fynt it net nedich om de Flyhors no gelyk ôf te sluten foar publyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)