Proeven mei gifgas op Flylân?

20 feb 2008 - 10:48

Ald-loftmachtkommandant Jan Linzel wit neat fan proeven mei gifgas op de Flyhors. Linzel wie fan 1948 oant 1973 fjoerlieder fan it detasjemint op de Flyhors. Lanlike kranten skriuwe woansdei dat meiwurkers fan it gemysk laboratoarium TNO begjin jierren fyftich proeven dien hawwe mei gifgassen op de Flyhors.

Dat soe doe bard wêze yn opdracht fan Definsje, as tarieding op in mooglike gemyske oanfal fan de Sovjetuny.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)