Flyers winne fan Hijs

De Flyers: winst yn de heale finale fan Hijs (foto Martin de Jong)
De iishockeyers fan de Vadeko Flyers hawwe tiisdeitejûn mei 5-2 wûn fan it Haachske Hijs. De Flyers krigen yn de earste minuten fan de earste wedstryd yn de heale finale fan de play-offs al in grut tal kânsen. It skoaren kaam Hijs lykwols ta. Yn de earste perioade waard it 0-1 mei in powerplay goal.
Yn de twadde perioade krigen de Flyers de oerhân en rûn de skoare nei 4-2. Yn de tredde perioade waard de einstân beslist op 5-2.