Wymbrits foar weryndeling

De FNP hâlde earder in enkête oer de weryndieling
Wymbritseradiel hat tiisdeitejûn as earste Fryske gemeente sketsen makke fan de grinzen nei in weryndieling. De ried kiest as basis foar in weryndeling mei Snits, Nijefurd en Gaasterlân-Sleat. De opsje om mei mear gemeenten te fusearjen bliuwt iepen.
Inkeld de FNP is tsjin weryndieling. De oare fraksjes tinke dat de fjouwer gemeenten út it marregebiet in goede basis foarmje foar ien nije grutte gemeente.