Stipe Akademy by taalproblemen

© Omrop Fryslân
De Fryske Akademy sil takom moanne logopedy-materiaal presintearje om Frysktalige bern mei taalsteurnissen helpe te kinne. Dat makke direkteur Salverda fan de Akademy tiisdei bekend op in sympoasium fan it wittenskiplik ynstitút.
De ôfrûne jierren is wiidweidich ûndersyk dien nei hoe't Frysktalige bern mei in taalprobleem holpen wurde kinne. It ûndersyk is dien yn opdracht fan Fryske logopedisten.