Les oer feilich frijen

19 feb 2008 - 14:39

Learlingen fan it Friesland College yn Ljouwert krigen tiisdei foarljochting oer feilich frijen. Sûnenstsjinst GGD giet de kommende tiid sa by ferskate middelbere skoallen del. Studinten fan in jongerenbedriuw lizze út wat der gebeure moat om syktes foar te kommen of te behanneljen.

De kampanje wurdt ûnder oaren dien om't in grutte groep allochtoane jongeren te min fan de gefaren fan ûnfeilige seks ôfwit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)