Eilân by Terherne te keap

19 feb 2008 - 11:31

Steatsboskbehear wol in eilân yn de Ternhernster puollen keapje. It soe goed passe by de oare natuergebieten fan SBB yn de omjouwing.

In makelder biedt it eilân út namme fan de eigner oan as rekreaasje- objekt foar goed 9 euroton. It is mear as 8,5 bunder grut. It eilân hat de bestimming natuerterrein en falt ûnder de strange Natura 2000- rjochtline.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)