Soad hits foar Strawelte
De webside fan de Frysktalige willepunkband Strawelte hat yn in pear dagen tiid al tûzenen besikers lutsen. De site waard ôfrûne freed presintearre.
Strawelte is in band út de jierren tachtich en sil foar inkele konserten wer byinoar komme. Om dit te stypjen is der in no webside makke. De optredens binne yn novimber en desimber.