Natuer skoot op foar toerisme

© Omrop Fryslân
De grinzen fan de natuer yn Appelskea skowe op. Undernimmers krije dêrtroch by de Boerestreek yn it sintrum en by de Bosberg mear romte foar bedriuwichheid. As kompensaasje wurdt it lânbougebiet Oude Willem natuer.
It doel is it toerisme yn Appelskea sa fierder te fersterkjen. Der binne dêr in soad plannen mar dy komme no kwalik fan de grûn om't de natuerwetjouwing der gjin romte foar jout.Dat probleem is mei de nije ôfspraken fuort.