Boargerloket langer iepen

© Omrop Fryslân
It loket foar boargersaken fan de gemeente Kollumerlân is tenei woansdeitejûns oant healwei achten iepen. Dat giet yn per 5 maart. Ynwenners fan Kollumerlân kinne dan ek bûten kantoartiden by boargersaken terjochte.
Oant no ta wie it loket moarns tusken 9 en 12, en woansdeitemiddei tusken 4 en 6 iepen. De ferlinging oant healwei achten jûns wurdt earst foar in jier dien om te sjen oft dat befalt.