Ekstra jild ferhuzing FVC

18 feb 2008 - 22:08

De Ljouwerter gemeenteried hat moandei 97.000 euro ekstra útlutsen foar de ferhuzing fan fuotbalclub FVC nei sportkompleks Wiarda. De mieningen wiene ferdield oer it ekstra jild en dizze ferhuzing. It Wiardakompleks is it nije ûnderkommen fan fuotbalclub Blau Wyt. Twa fluch-groeiende clubs op itselde kompleks betsjut dat der te min romte wêze sil.

Om't de mearderheid yn de ried foar is, komt it ekstra jild der.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)