Superboeren winne fan Cambuur

18 feb 2008 - 21:44

De beloften fan Cambuur hawwe moandeitejûn mei 3-1 ferlern fan Jong De Graafschap. De Ljouwerters spilen út yn Doetinchem. It spul fan de jonge Cambuursters wie ridlik, mar de goals waarden op in knoffelige wize fuortjûn.

Nei 17 minuten stie Cambuur mei twa doelpunten achter troch sleauwigens achteryn it fjild. Krekt foar rêst skoarde Jurjen Bosch noch in tsjingoal. Troch in flater oan de kant fan Cambuur makke De Graafschap 3-1.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)