Mennistetsjerke foar Wytmarsum

sa moat it wurde
Wytmarsum krijt freed wer in Mennistetsjerke oan de râne fan it doarp. Der komt in replika fan 'e tsjerke dy't 130 jier lyn ôfbrutsen waard. Op it plak is doe it Menno Simons-monumint pleatst.
De tsjerke krijt de foarm fan in skelet mei in lyts lantearnetuorke. It doel is dat minsken der frij yn en út rinne kinne en sa yn de kunde komme kinne mei Menno Simons. Ek moatte der hagepreken hâlden wurde.