Kompjûter foar yn 'e auto

© Omrop Fryslân
In bedriuw yn Drachten hat in kompjûter foar yn 'e auto ûntwikkele. It is in navigaasjesysteem en der kin mei ynternet en belle wurde. Fierder sitte der in dvd- en mp3-spieler by. De provinsje jout 150.000 euro subsydzje foar de autokompjûter. It bedriuw neamt it in wrâldprimuer.
Yn 'e transport- en sakewrâld is grutte belangstelling foar The Wincruiser. It apparaat fan De Jong Techniek kostet 3000 euro.