Plysje siket tsjûgen saak-Igli

It ûndersyk yn 'e saak-Tevfik Igli sit net fêst. Om't de plysje noch op syk is nei tsjûgen liket it dat der gjin skot yn de saak sit. Mar dat is net sa, seit parse-offisier Mous fan it I.M. De plysje hat moandei in passanteûndersyk dien op De Brol dêr't Igli ferline wike delsketten waard.
De fertochte dy't oanhâlden is ûntkent noch hieltyd. It ûnderwerp is yn Plysjepost yn it Nederlânsk opnaam en yn it Turks ûndertitele.