Proef mei alkoholslot op auto

Tachtich Friezen krije as proef in alkoholslot yn 'e auto
Tachtich Friezen kinne fan nije wike ôf as proefpersoan in alkoholslot yn de auto útprobearje. In alkoholslot is in soart startûnderbrekker. Der moat earst blaasd wurde foardat de auto start wurde kin.
It doel is om it alkoholslot lanlik yn te fieren. Foardat it safier is, wurdt it earst yn Fryslân yn de praktyk úttest. Fryslân hat him oanmeld as proefgebiet, sei deputearre Piet Adema.