Mear diskriminaasjemeldings

© Omrop Fryslân
De anty-diskriminaasjekampanje fan sintrum Tûmba yn Ljouwert hat ferline jier 30 prosint mear meldings opsmiten. Hûs-oan-hûs binne posters útsutele mei it telefoannûmer fan Tûmba. It tal meldings is moandei bekendmakke by de nije kampanje.
Fjouwer bussen fan Connexxion ride fan no ôf troch Fryslân mei in anty-diskriminaasje-oprop fan Tûmba. It tal meldings moat fierder omheech, want net elk jout diskriminaasje troch.