Weening lilk oer dopingferhaal

18 feb 2008 - 12:52

Hurdfytser Pieter_Weening fan De Harkema is lilk dat er beskuldige wurdt fan dopinggebrûk. In krante yn Eastenryk brocht dit wykein it berjocht dat Weening en fjouwer fan syn ploechmaten fan 'e Rabobank op in dopinglist stean soene. In anonime tipjouwer hie dat trochjûn oan 'e krante.

Weening seit dat er der neat mei te krijen hat. Hy lit dat witte út syn trainingskamp yn Itaalje wei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)