Undersyk op plak sjitpartij

18 feb 2008 - 10:16

De plysje yn Ljouwert hat moandei tusken fjouwer en healwei sânen moarns in passantenûndersyk dien op it plak dêr't ferline wike Tevfik Igli delsketten is. Oan minsken is frege oft sy in wike lyn op deselde tiid ek op de Brol of oan de Groentemarkt west hawwe en oft sy wat sjoen ha fan de sjitpartij.

Fyftjin ûnderfrege passanten hawwe mooglik tips. Sy sille letter in ferklearring ôflizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)