Gjin treinen Snits-Ljouwert
Troch in oanriding mei in trein yn Snits ride der gjin treinen mear tusken Snits en Ljouwert. By de oanriding is in persoan om it libben kaam.
Moandeitemoarn healwei achten kaam in persoan troch noch ûnbekende oarsaak ûnder de trein, mear gegevens binne noch net bekend.