Tryater bang foar besuniging
Tryater moat mooglik ophâlde mei tal fan aktiviteiten as gefolch fan de besunigingsplannen fan minister Plasterk fan Kultuer. Fan 2009 ôf wurdt de subsydzje foar toanielselsskippen mei 10 miljoen werom brocht.
Foar Tryater soe dat inkele tonnen minder stipe betsjutte. Benammen lytsere stikken dy't yn doarpshuzen spile wurde, rinne gefaar.