"Gjin flagge foar Foppe"

17 feb 2008 - 17:21

Foppe de Haan mei net mei de flagge foar de Nederlânske delegaasje útrinne by de Olympyske Spelen yn Peking. De hantekenaksje op ynternet is kânsleas. It is noch nea bard dat in begelieder of coach de flagge sjouwe mocht en dat sil no ek net barre. Dat seit Erica Terpstra fan it Olympysk komitee.

Terpstra fynt de aksje foar Foppe de Haan wol hiel sympatyk. Op de site laatfoppedevlagdragen.nl binne yntusken goed 600 reaksjes binnenkaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)