Brassband siket noch jild

De Wâldsang hat grut ferlet fan jild
Brassband De Wâldsang út Bûtenpost hat noch net genôch jild om meidwaan te kinnen oan it Europeesk Brassband Kampioenskip yn Noarwegen. De reis nei Noarwegen kostet de dielnimmer 800 euro en lang net alle leden kinne dat betelje.
De Wâldsang siket no sponsors en subsydzjejouwers om mei te beteljen oan de reis. De opbringst fan in konsert yn april wurdt der ek foar brûkt.