Dronken frou rydt tsjin beam

17 feb 2008 - 12:49

De plysje hat sneintemoarn betiid yn Terwispel in autobestjoerster (40) út Aldeboarn oanhâlden. De frou wie mei har auto fia in stilsteande auto en in stek tsjin in beam oanriden.

De frou is meinaam nei it buro en dêr die út in ademtest bliken dat se fierstente folle dronken hie. Se krige in proses ferbaal en moast har rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)