Goud foar Stroetinga

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap hat sneon goud wûn by wrâldbekerwedstriden yn Kopenhagen. Stroetinga pakte it earste plak op it ûnderdiel scratch.
Op de baan fan de Deenske haadstêd Kopenhagen wie Stroetinga nei 60 rûnen te sterk foar de Eastenriker Andreas Müller en de Colombiaan Juan Esteban Arango Carvajal. Sy waarden twadde en tredde.