Ynteresse kristlike soarch

Der is aardich wat belangstelling foar in nije kristlike soarchynstelling foar handikapten. Dat die sneon bliken op de iepen dei fan de ynstelling Sprank yn Drachten. Der ha sawat 40 minsken west.
De earste nije ynstelling komt nei alle gedachten al op koarte termyn yn Drachten en begjin mei likernôch tolve bewenners. Dêr wurdt mei de kliïnten bidden en út de bibel lêzen. Sprank hat no al 50 ynstellings yn it lân.