Ruud Borst twadde yn Sweden

Ruud Borst en Willem Hut (foto: Martin de Jong)
Ruud Borst fan Sint Nyk is yn it Sweedske Borlänge twadde wurden by de tredde natueriismaraton fan de Essent Grand Prix Circuit. Op de Runn-mar pakte de 28-jierrige Ruud Aerts út Riel nei 150 kilometer syn allerearste oerwinning as A-rider.
By de bêste tsien sieten noch twa Friezen. Bob de Vries fan De Haule waard fjirde en Bert Jan van der Veen kaam as fyfde oer de einstreek.