Sybren Jansma op alfde plak

16 feb 2008 - 14:09

Sybren Jansma fan De Pein stiet mei syn maat Edwin van Calker nei twa fan de fjouwer runs yn de twamansbob op it alfde plak by de wrâldkampioenskippen yn it Dútske Altenberg.

Se ha noch sicht op in plak by de bêste tsien. Jansma en Van Calker hawwe nei twa runs in tuskentiid fan 1.52,55. Se komme noch trijetsiende te koart foar it sechde plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)