Aris bliuwt op heechste nivo

16 feb 2008 - 13:47

Basketbalklub Aris Friesland is foar de kommende trije jier fersekere fan basketbal op it heechste nivo. Dat hat te krijen mei in gearwurkingsferbân dat de Ljouwerter klub oangiet mei Eiffeltowers út Den Bosch.

Foar de kommende trije jier sil Den Bosch talinten tusken de 20 en 23 jier by Aris spylje litte. Boppedat smyt it gearwurkingsferbân ekstra jild op, wêrtroch se yn elk gefal op it heechste nivo meidraaie kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)