Elma de Vries wint yn Sweden

Elma de Vries (foto: Martin de Jong)
Elma de Vries fan De Haule hat yn it Sweedske Borlänge de tredde natueriismaraton fan it Essent Grand Prix Circuit wûn. De 24-jierrige Friezinne wie nei hûndert kilometer de rapste yn de massasprint.
Daniëlle Bekkering kaam as twadde oer de streek. It is de 13e seizoensoerwinning foar Elma de Vries. Ofrûne tongersdei wûn se ek al de twadde wrâldbekerwedstriid yn Sweden.