Njoggen bekeurings foar drank
De plysje hat freedtejûn en -nacht op ferskate plakken yn Ljouwert alkoholkontrôles holden. Mei inoar njoggen minsken krigen in bekeuring omdat se tefolle drank op hiene.
Dêr wiene ek twa autobestjoerders by dy't noch mar krekt it rydbewiis hiene. Sy hiene mear as 0,2 promille alkohol yn it bloed.