Man ferwûne by fal fan dak

16 feb 2008 - 12:37

In 44-jierrige man út Makkum is freed yn Aldemardum ferwûne rekke by in fal fan in dak. De man wie oan it wurk op it dak fan in stâl. Sûnder der by nei te tinken, stapte er op in stuit troch in plastik ljochtplaat.

Dêr sakke er trochhinne en foel doe sân meter nei ûnderen. De man is mei ferwûnings oan skonken en heup nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)