Twa himpkwekerijen oprôle

16 feb 2008 - 12:25

De plysje hat freed op It Hearrenfean twa himpkwekerijen ûntdutsen. Dêr wiene anonime tips oer binnenkaam. Op de Zijlroede fûn de plysje 270 planten. De 46-jierrige bewenster fan it hûs is meinaam nei it buro.

Op de Kwartelstrjitte hold de plysje twa manlju oan. Yn dat hûs waarden twa jiskesekken mei droege himptoppen fûn. Alle fertochten ha in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)