Famylje by Bolt yn Frânske sel

15 feb 2008 - 22:08

De Harnzer frachtweinsjauffeur Klaas-Jan Bolt is der min oan ta. Dat seit syn famylje, dy't foar it earst yn trije jier tiid by him op besite mocht. De Harnzer sit yn in Frânske sel op fertinking fan drugssmokkel.

Bolt is yn de trije jier flink meagerder wurden en ek psychysk giet it net goed mei him. Syn tastân is foar de famylje noch mear reden om te besykje him út de sel te krijen. It proses tsjin Bolt begjint 5 maaie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)