Provinsjebestjoer nei Rome

Ynterieur Kerk der Friezen
Kommissaris Nijpels en de fiif deputearren bringe begjin maart in besite oan Rome. It provinsjebestjoer giet ûnder oare nei in tentoanstelling oer de Fryske skilder Pier Pander en nei de Kerk der Friezen.
De Kerk der Friezen krige earder 10.000 euro fan Fryslân foar de restauraasje fan it stik tsjerke dêr't Bonnifatius yn eard wurdt. It provinsjebestjoer sil ek nei taspraak fan de paus.