Jonge oppakt foar drugsbesit

15 feb 2008 - 10:10

De plysje hat tongersdeitejûn op It Hearrenfean in 19-jierrige ynwenner út de gemeente Skarsterlân oppakt foar drugsbesit.

De jonge soe in hoarekasaak oan de Gedempte Molenwijk yn. Meiwurkers fûllearden him en fûnen amfetamine. De plysje waard belle en dy hat de jonge meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)