Fryske sylsters net yn top 10

14 feb 2008 - 22:52

De trije Fryske Yngling-sylsters dy't meidogge oan it wrâldkampioenskip yn Miami ha tongersdei de medaljerace net helle. Nei tsien wedstriden stiet Marije Faber (Toppenhuzen) mei har bemanning op it 13e plak. De boat fan Marije Kampen (Starum) is 18e, dy fan Brechtje van der Werf (Snits) 24ste.

Freed komme de bêste tsien boaten út yn de finale. Foar de Nederlânske ploech is it resultaat mei it each op de Olympyske Spelen teloarstellend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)