Tefreden oer thússoarch
Kliïnten fan Thuiszorg Zuidwest Friesland binne bot tefreden oer de meiwurkers fan de organisaasje. Se jouwe it personiel in 8,5 foar it wurk dat se dogge.
De kliinten krigen fragen oer ûnder oare wachttiden en fersoarging.De minsken wiene ek tefreden oer de ynformaasjefoarsjenning troch de thússoarch. Yn it ferline krige Thuiszorg Zuidwest Friesland dêr wolris krityk op.