Willem Hut wint yn Sweden

Willem Hut: rap yn Sweden (foto Martin de Jong)
Maratonreedrider Willem Hut fan Haulerwyk hat tongersdei yn it Sweedske Borlänge de twadde wedstriid fan de natoeriiskompetysje wûn. Nei 100 kilometer, mei in kâlde hurde eastewyn, liet Hut de oare fjouwer man fan de kopgroep de hakken sjen. Arjen Becker waard twadde, Casper Helling tredde.
By de froulju wie de oerwinning nei 75 kilometer foar Elma de Vries. Mariska Huisman waard twadde.