Jild foar fernijende bedriuwen

14 feb 2008 - 17:35

De provinsje hat de kommende twa jier goed fjouwer miljoen euro beskikber foar bedriuwen dy't fernije wolle. It giet om it ferfolch fan it projekt Fryslân Fernijt. Dêrby stelde de provinsje de ôfrûne fjouwer jier mear as fjouwer miljoen euro subsydzje beskikber. Dat smiet goed 440 nije banen op. De nije regeling is goed foar de konkurrinsjeposysje fan it Fryske bedriuwslibben, seit deputearre Galema.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)