Skarsterlân wol toeristysker

14 feb 2008 - 11:36

Der moat in rûnfeartboat komme tusken Snits, Langwar en De Jouwer. Fierders moat der earne yn Skarsterlân in lúkse hotel komme en mooglik ek in museum lykas Belvedêre yn Oranjewâld. Dat stiet yn it advys fan buro LaGroup oan 'e gemeente Skarsterlân.

De gemeente wol dat de wurkgelegenheid yn 'e toeristyske sektor flink tanimt. In probleem is dat der net genôch foarsjenningen en attraksjes binne. LaGroup komt no mei foarstellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)