Kasino: gjin ekstra maatregels

It kasino yn Balk wie foar de twadde doelwyt fan oerfallers
Jack's Casino yn Balk nimt foarearst gjin maatregels foar de feiligens. It bedriuw waard woansdeitejûn foar de twadde kear oerfallen. In meiwurkster moast ûnder bedriging fan in mes de ynhâld fan 'e kassa ôfjaan oan in 40-jierrige Lemster. De plysje hat de man mei help fan pepperspray oanhâlden. It jild is ek weromfûn.
It kasino yn Balk waard ferline jier maaie ek al oerfallen. De rjochtsaak tsjin de dieders rint noch.