Fertraging nije 112-meldkeamer

© Omrop Fryslân
De nije 112-meldkeamer foar de Noardlike trije provinsjes yn Drachten is oardel jier letter klear as it doel wie. It kostet mear tiid om ôfspraken te meitsjen mei de belutsen partijen. De datum fan oplevering ferskoot fan 1 jannewaris 2009 nei healwei 2010.
De nije meldkeamer sil alle helpfragen fan boargers út Fryslân, Grinslân en Drinte ôfhannelje. Dat moat foardielen opsmite wat jild, minskkrêft en kwaliteit oanbelanget.