Auto op 'e kop yn 'e sleat

© Omrop Fryslân
In 40-jierrige frou út Langelille is woansdei ferwûne rekke nei't se mei de auto oer de kop slein wie. Op 'e Langelillewei ferlear se de macht oer it stjoer en kaam mei de auto op 'e kop yn 'e sleat telâne. In foarbygonger seach de auto en belle fuortendaliks 112.
De brânwacht hat de auto út 'e sleat helle. De frou is swier ûnderkuolle nei it sikehûs MCL yn Ljouwert oerbrocht.