Agressive man yn winkel

14 feb 2008 - 10:08

In 26-jierrige Ljouwerter is oanhâlden foar agressyf gedrach. De man woe om ûndúdlike reden fjochtsje mei in 43-jierrige oare Ljouwerter. Dy woe dat net en gie in winkel oan 'e Insulindestrjitte yn. De fertochte sette him achternei en rûn dêrby ûnder oare in stelling mei snobbersguod om.

Winkelpersoaniel wurke de lilke man de saak út. Hy is troch de plysje meinommen nei it plysjeburo en sit dêr fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)