Nij plan Polderhoofdkanaal

© Omrop Fryslân
Der komt in nij plan foar de weriepening fan it Polderhoofdkanaal. It wurk oan it kanaal waard earder stillein troch de rjochter fanwege beswieren fan omwenners en de Feriening fan Fjildbiologen.
Doel is dat oer heechstens trije moanne dúdlik wurdt hoe't it kanaal wol wer befarber makke wurde kin. Deputearre Andriesen wol dêrta om tafel mei foar- en tsjinstanners.