NL-Award foar Omrop Fryslân

13 feb 2008 - 17:56

Omrop_Fryslân hat in NL-Award wûn. It televyzje-ferslach oer de bestjoerskrisis yn Littenseradiel fan ferline jier is yn de prizen fallen. It is útroppen as bêste nijsitem fan de regionale omroppen yn Nederlân.

Yn de priiswinnende reportaazje wurdt boargemaster Johanneke_Liemburg troch de Gemeenteried fuortstjoerd mar wegeret se fuort te gean. It ferslach is makke troch Miranda_Werkman, Gerrit_Hofstra en Auke_Wietze_Bosma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)