Damen bout grutte skippen

it skip waard nei Harns sleept dêr't it ôfboud wurde sil
Skipsbouwer Damen Shipyards yn Burgum hat it drok. Yn trije jier tiid wurde 12 grutte skippen ôfboud. It kasko fan it earste skip fan 118 meter kaam woansdei oan yn 'e haven fan Harns.
It skip wurdt dêr ôfboud om't it te grut is om nei Burgum te ferfieren. Der is spesjaal in dependance boud yn Harns. Der wurdt wurdt trije jier oan 'e skippen wurke. Sa'n 50 minsken sille der wurk fan ha. Damen hat sels 10 ekstra minsken oannommen.