Minister docht plysje nij bod

13 feb 2008 - 14:15

It nije bod fan de minister foar in nije plysje-CAO is net de ein fan de stakingsaksjes fan de Fryske plysje. Neffens de bûnen is noch lang net wis oft de leden akkoart geane mei dit lêste bod. Yn it bod stiet dat de plysje dit jier 3,5 prosint mear krijt en takom jier nochris 3,3 prosint.

It einbod is it risseltaat fan in lange ûnderhannelinsdei. De leden moatte de kommende wiken oer it bod te set. Dat wurdt dreech neffens it bûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)