Blessuere Epke Zonderland

13 feb 2008 - 13:13

Turner Epke Zonderland hat wer te krijen mei tsjinslach. Troch in senuwûntstekking yn it rjochter skouder kin hy mar twa oerkes op in dei traine. Dat is te min om oan de foarm te wurkjen en nije ûnderdielen te oefenjen.

Troch de blessuere rekket hy sa'n seis oant acht wike achterop. Zonderland sil yn maaie foarmbehâld sjen litte moatte om nei de Olympyske Spelen yn Sina te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)